Steateleden fuortrûn by bydrage Jitske Eizema

23 sep 2015 - 14:49

Steateleden fan SP, D66 en Christenunie binne woansdei de steateseal útrûn, om't se bot argewaasje hiene fan de bydrage fan Jitske Eizema. It gong oer de opfang fan flechtlingen yn de provinsje. Frou Eizema wie keazen foar de PVV, mar waard út de fraksje set. Se sei dat in diel fan de flechtlingen om ekonomyske redenen nei Nederlân komt. Ek warskôge se foar de gefaren fan de Islam.

De kommissaris wiisde har der op, dat se har beheine moast ta de kearn oer Fryslân. Doe't se dat te min die, hat er har it wurd ûntnaam en de bydrage beëinige.

Trefwurden: 
steateleden PVV Jitske Eizema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)