Bewenners Vosseparkwyk: "flechtlingen binne wolkom"

23 sep 2015 - 14:30

Bewenners fan de Vosseparkwyk yn Ljouwert binne foar it grutste part posityf oer de komst fan in needopfang foar 600 flechtlingen yn it WTC-Expo. De flechtlingen binne wolkom yn de buert. Guon buertbewenners ha noch wol fragen, bygelyks oer hoe't se omgean moatte mei de flechtlingen.

Ek freegje guon bewenners har ôf oft it jûns noch wol feilich op strjitte is en oft de flechtlingen wurkje meie. It COA wol alle fragen tongersdeitejûn beäntwurdzje op in ynformaasjegearkomste yn de wyk. It giet om in tydlike opfang oant begjin jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)