Friesland Bank woe mei NIBC

De Nederlandsche Bank hat in fúzje tusken de Friesland Bank en de Haachske bank NIBC ferbean. Dat meldt it Financieel Dagblad. Troch it ferbod waard it foar de Friesland Bank ûnmooglik om as selsstannige bank bestean bliuwe te kinnen.
Neffens de krante hawwe beide banken ein ferline jier mei-elkoar praat oer in fúzje. Doe wie it dúdlik dat de Friesland Bank it net mear oprêde soe selsstannich te bliuwen. Doe't de Fryske bank de Nederlandsche Bank oer de plannen ynljochte, liet dy witte neat foar sa'n fúzje te fielen.
Fan 'e wike waard bekend dat de Friesland Bank per direkt oernaam is troch de Rabobank.