Ljouwerter ûnderwiis is klear foar komst flechtlingen

23 sep 2015 - 13:57

De gemeente Ljouwert moat goed neitinke oer it ûnderwiis dat se de bern biede wolle fan de 600 flechtlingen dy't yn de needopfang komme. Dat stelt direkteur Albert Helder fan ûnderwiiskoepel Proloog. Dy fersoarget it iepenbier ûnderwiis yn Ljouwert. Yn it WTC Expo wurde op koarte termyn 600 flechtlingen opfongen.

Helder wol de bern perspektyf biede, sels as se mar in pear dagen yn Ljouwert binne. Dat betsjut dat se yn alle gefallen de Nederlânske taal leare. Dêroer moatte goede ôfspraken makke wurde mei it COA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)