Earste flechtlingen yn WTC Ljouwert komme nei 12 oktober

23 sep 2015 - 11:17

De earste flechtlingen sille nei 12 oktober 2015 yn it WTC yn Ljouwert opfongen wurde. Neffens direkteur Spoelstra fan it WTC-Expo moat earst de beurs Vrouw ôfrûn wêze. Dizze wurdt holden fan 9 oant en mei 11 oktober yn de Friezenhal. Dizze hal oan de efterkant fan it WTC-Expo sil ynsetten wurde foar de húsfesting fan de flechtlingen.

De flechtlingen kinne oant it begjin fan it beursseizoen fan takom jier bliuwe. Foar de start fan de Caravana dy't op 21 jannewaris úteinset, moat de hal wer ûntromme wêze.

Woansdeitemoarn waard bekend dat yn ien hal fan it WTC-Expo 600 flechtlingen opfongen wurde sille. De buert is woansdei op de hichte brocht. Tongersdeitejûn is der foar de omwenners in ynformaasjegearkomste yn it WTC-Expo. It wykpanel fan de Vosseparkwyk is op de hichte brocht, mar wol op dit stuit noch net in reaksje jaan op de komst fan de flechtlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)