Wervingsaksje fan definsje

05 apr 2012 - 11:18

Definsje begjint ûnder oare op it stasjon fan Ljouwert mei in grutte kampanje foar trijetûzen nije meiwurkers. In delegaasje fan de fleanbasis is om sân oere begûn mei it útdielen fan folders om de fakatueres ûnder it omtinken te bringen.

De kampanje is opfallend, omdat definsje ek 12.000 funksjes opheft. Der moat 1 miljard besunige wurde. It leger hat lykwols noch altyd driuwend ferlet fan bygelyks technisy foar it ûnderhâld fan de fleantugen. It giet om banen foar in perioade fan acht oant tsien jier.

Op tweintich oare treinstasjons yn Nederlân dielt definsje tongersdei ek folders út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)