Bekende Friezen stypje aksje Freonen fan Omrop Fryslân

22 sep 2015 - 19:17

Bekende Friezen en net-Friezen stypje de aksje fan Freonen fan Omrop Fryslân foar de selsstannichheid fan de Omrop. Under oare Lutz Jacobi, Pieter Winsemius, Foppe de Haan en de bruorren Anker hawwe harren stipe útsprutsen.

De feriening Freonen fan Omrop Fryslân ropt elkenien op om woansdei 23 septimber nei it provinsjehûs yn Ljouwert te kommen. Om 8:00 oere sammelje de aksjefierders foar it provinsjehûs oan de Twabaksmerk. Der sil in petysje oanbean wurde oan Provinsjale Steaten.

It doel is de steateleden dúdlik te meitsjen dat de Omrop selsstannich bliuwe moat. Om Omrop Fryslân yn steat te stellen folweardige programma's te meitsjen, moat der finansjele stipe komme fanút de provinsje, sa sizze de Freonen fan Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)