By 80% fan alle skoallen is in gefaarlike ferkearssitewaasje

22 sep 2015 - 17:16

De riedsfraksje fan it CDA yn Ljouwert makket him soargen oer de ferkearsfeiligens by skoallen. Oanlieding is in nij ûndersyk fan Veilig Verkeer Nederland. Dêr blykt út dat by 80 persint fan alle skoallen nuodlike ferkearssitewaasjes foarkomme.

Yn 2007 hat der ek ûndersyk west nei de feiligens by legere skoallen en dêrút kaam in tal problemen nei foarren. Dizze binne doe ek oanpakt. No, acht jier letter, wol it CDA opnij dúdlikens oer de ferkearsfeilichheid by de skoallen.

Fraksjefoarsitter Friso Douwstra freget it kolleezje fan boargemaster en wethâlders om nije sifers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)