Gertjan Verbeek biedt ekskús oan foar útfal nei Bild

22 sep 2015 - 14:44

Ald-Hearrenfean trainer Gertjan Verbeek hat ekskús oanbean foar syn útfal nei sjoernalisten fan it roddelblêd Bild yn in Dútske parsekonferinsje. Verbeek neamde harren ferslachjouwing ûnder oaren 'scheisse' en neamde de sjoernalisten 'Arschlöcher'. De trainer hie in parsekonferinsje foarôfgeand oan it duel fan syn klup VfL Bochum 1848 tsjin DSC Arminia Bielefeld.

Hy krige de fraach oft er it kampioenskip as doel stelt hie, om't Bild dat skreaun hie. Hjirop ûntplofte de Fryske trainer. Hy hat no ekskuses makke foar de wurden dy't hy brûkte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)