Trije ynbrekkers oppakt foar 20 ynbraken yn Súdwest-Fryslân

22 sep 2015 - 14:28

Mei de oanhâlding fan trije 18-jierrige ynbrekkers hat de plysje 20 ynbraken en stellerijen yn Súdwest-Fryslân oplost. It giet om twa jongeren út Boalsert en in jonge út de gemeente Súdwest-Fryslân. Se hawwe in bekentenis ôflein. De twa Boalserters sitte noch fêst.

Fan it stellen guod is in part werom fûn. De ynbraken en stellerijen wienen fan it neijier 2014 oant en mei augustus 2015 yn Boalsert, De Jouwer, Makkum en Nijlân. It trio hat ek sân auto's stellen, nei't se earst de kaaien út de wenningen stellen hienen.

Neist wenningen, brutsen de manlju yn by in kamper, in sportferiening en in hoarekagelegenheid. De plysje kaam it trio op it spoar doe't se ien fan de stellen auto's werom fûn, mei dêryn spoaren fan de dieven.

De plysje hat de huzen fan de jongerein trochsocht en dêryn stellen guod fûn. Alle stellen auto's binne werom by de eigeners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)