Froulju oppakt foar stellerij

05 apr 2012 - 10:09

Twa jonge froulju binne woansdei yn Ljouwert oanhâlden foar stellerij. Se wiene yn in winkel op de Nijstêd trapearre by it stellen fan pantys, blûsons, earmbannen en earsieraden. In tsjûge warskôge de plysje. Dy naam de beide 19-jierrige froulju mei nei it buro.

De froulju hawwe gjin fêst wen- of ferbliuwplak. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
stellerij Nijstêd froulju
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)