Drachtster robot fersteviget Iselmardyk by Creil

22 sep 2015 - 11:01

In Drachtster robot sil de Iselmardyk by Creil ferstevigje. LBN Betonproducten út Drachten hat de robot ûntwikkele. Hy kin wol 1000 kante meter oan betonblokken op in dei lizze.

De kommende tiid wurdt de dyk by Creil ferstevige tsjin kruiend iis en golfslach. Dat bart no net allinnich rapper, it smyt ek in besuniging fan beton op. Moandei is de robot al brûkt, tiisdeitemiddei nimt it Drachtster bedriuw him feestlik yn gebrûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)