Man út Toppenhuzen naait út nei oanriding op De Jouwer

22 sep 2015 - 10:50

In 23-jierrige man út Toppenhuzen is moandeitejûn yn syn hûs oanhâlden as fertochte fan it trochriden nei in ûngelok op 'e Jouwer. By de oanriding op de Wildehornstersingel rekke in skooterrider ferwûne. De automobilist ried nei it ûngelok troch, mar in tsjûge notearde it kenteken en joech dat troch oan de plysje.

Dy hat de man meinaam nei it plysjeburo. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)