Tekoart by provinsje

05 apr 2012 - 09:41

De provinsje hat 2011 ôfsletten mei in tekoart fan goed trije miljoen euro. Dat is better as ferwachte. It tekoart ûntstiet troch in ekstra ynvestearring fan goed 14 miljoen euro dy't de provinsje docht yn stêds- en doarpsfernijing. Ien en oar docht bliken út de jierrekken fan de provinsje.

Ut de jierrekken falt ek op te meitsjen dat it papierleas fergaderjen fan de steateleden in soad jild besparret. Allinnich ferline jier al skeelde dat 400.000 euro. Op 't heden wurdt besjoen hoe't noch mear op papier besparre wurde kin.

Trefwurden: 
jaarnota
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)