Bestjoerder ferwûne nei frontale botsing by Damwâld

22 sep 2015 - 08:39

By in botsing tusken twa auto's yn Damwâld is moandeitejûn ien fan de bestjoerders ferwûne rekke. Ien fan de auto's kaam op de Doniawei op de ferkearde kant fan de dyk en botste frontaal op syn tsjinlizzer.

De ferwûne bestjoerder is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht, de oare bestjoerder kaam mei de skrik frij. De Doniawei hat in skoft ôfsletten west.

Trefwurden: 
botsing Damwâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)