Kollum: "It meast besmette Fryske wurd"

22 sep 2015 - 08:35

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Op dit stuit wurket Schoorstra oan in roman oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Wat in speurtocht, ôfrûne sneon, nei it moaiste Fryske wurd. Yn de tún fan Omrop Fryslân waard mei kofje, de Pikbroeken en kleurige ballonnen omraak yn de skatkiste fan de taal omdolt. Wat no krekt it moaiste wurd wurden is, wit ik net. De speurtocht nei it meast fize of besmette wurd is lykwols in koartenien. Dat is nammentlik Identiteit.

Der wurdt yn Fryslân nergens sa’n protte oer eamele as de Fryske identiteit. In lytse blomlêzing: De Fries – op zoek naar de Friese identiteit. In boek mei in ynboude spoiler, je witte wat it antwurd wêze sil. De Fries bestaat niet – in diskusjejûn fan de University Campus Fryslân. In temajûn mei de titel: Tweestrijd rond Friese identiteit. In lêzing fan Goffe Jensma oer de Toekomst van de Friese identiteit. In útstalling yn it Frysk museum mei de titel: Friesland in voorwerpen – over de verbeelding van de Friese identiteit. Fryslân DOK fan koartlyn: Fan bûgjen frjemd – op zoek naar de Friese identiteit.

It earste dat opfalt by dizze blomlêzing binne de Hollânsktalige titels. In faai teken. It sykjen kin blykber net plakfine yn de taal fan de identiteit dêr’t nei op syk gien wurdt. In oare fêststelling is it gegeven dat it minsken blykber bezich hâldt. In lytse groep minsken, dat wol. Want it grutste part fan de Fryske befolking boeit it net. Dat hat nammentlik wol wat betters te dwaan.

Dat is nammentlik Frysk, sûnder dat dêr op folslein keunstmjittige wize nei sjoen wurde moat. Dy’t witte dat Fryslân bestiet út elkenien dy’t der fan hâldt, út elkenien dy’t ree is om taal en kultuer net allinne te ferdedigjen, mar ek fierder te helpen. Foarige wike siet sjoernaliste Mylène de la Haye oan de tafel by Bynt. Sy slacht al in pear jier mei in keardel út Berltsum om, en is op dy wize yn ’e kunde kommen mei sawol de provinsje as de minsken dy’t dêryn libje en wurkje.

Ien fan de earste dingen dy’t se tsjin in oare gast fan it programma sei, wie dit: ‘Maar jullie hebben een echte, eigen identiteit.’ Sels komt se fan Limburch, mar se hie gjin byld fan De Limburger, likemin as fan de identiteit fan watfoar oare provinsje ek mar. Behalve fan Fryslân, stelde se dus fêst. En om dat te yllústrearjen sil se foar Bynt lytse reportaazjes leverje, dy’t har fizy op De Fries jaan sille.

Hoe’t dat ek mar útpakt: it giet my der om dat ien fan bûten de provinsje soks plan-út fêststelt: Jim ha in eigen identiteit. Klear. Yn dyselde wike wie Miss J. út Virginia, USA hjir op besite. Dy Amerikaanse is troch omstannichheden op it spoar fan Fryslân en it Frysk kaam. Undertusken is se sljocht op de taal en de kultuer, en yn myn earste petear mei har hie se it ek fuortendaliks oer de ‘identity’ fan de ‘Frisians’.

It iennichste dêr’t se har oer fernuvere wie dat dy identiteit net ta útdrukking kaam yn iepenbiere oantsjuttings, paadwizers en plaknammen. ‘Wêrom alles yn it Hollânsk?’ frege se, ‘dat hat neat mei jim identiteit út te stean.’ In wierheid as in ko, en in fraach dêr’t ik gjin antwurd op jaan koe. Mar, alwer ien fan ‘bûten’ dy’t plan-út fêststelt dat Friezen harren eigen identiteit ha.

Miss J. is ek bot begien mei de nuodlike sitewaasje fan de Omrop. Want ek dy is in drager fan de Fryske identiteit. De bal leit wat dat oangiet yn it kamp fan provinsjale steaten dy’t it der moarn oer ha sille. Ut namme fan Miss J., Mylène, mysels en it grutste part fan de Fryske befolking winskje ik provinsjale steaten dan ek in protte wiisheid ta. Mar mear noch as dat rekkenje wy op moed, in rjochte rêch en izeren ballen fan stiel om de goeie beslissings te nimmen.

En foar dy pear minsken dy’t harren mei it wol of net bestean fan de Fryske identiteit bezich hâlde: ophâlde mei dy tiidfergriemerij. Doch wat nuttichs. Wurd lid fan de Freonen fan de Omrop, bygelyks."

<b>Folgje Willem Schoorstra op <a href="https://www.facebook.com/willem.schoorstra?hc_location=ufi" target="_blank">Facebook.</a> Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.</b>

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)