1200 Cambuurkaarten te keap foar Fryske twastriid

21 sep 2015 - 18:52

By SC Cambuur set de kaartferkeap foar de wedstriid tsjin SC Hearrenfean op sneon 3 oktober útein. Om 10 oere moarns wurde de kaarten ferkocht yn supportershome 't Hertje by it stadion. Der binne yn totaal 1200 kaarten beskikber foar it útfak yn it Abe Lenstrastadion.

Ferline jier wie der noch in soad argewaasje oer de ferkeap fan útkaarten. In protte fanatike fans fisken doe achter it net, trochdat de kaarten fuortendaliks beskikber wiene foar alle klupkaarthâlders. No krije fans dy't faker nei útwedstriden gean, foarrang op oare fans.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)