Earste part Sintrale As hast klear

21 sep 2015 - 18:44

De tariedings foar de iepening fan it earste part fan de Sintrale As binne begûn. Nije wike moandei wurdt it noardlik part fan de nije autodyk tusken de Wâldwei by Nijegea en Dokkum offisjeel iepene. Ferkear kin fan tolve oer middeis foar it earst oer de fjouwerbaansdyk tusken Dokkum en Feanwâlden ride.

Ien fan de opfallendste keunstwurken yn it stik dyk is in 120 meter lang fiadukt oer de Falomster feart. De folsleine autodyk tusken Dokkum en de Wâldwei by Nijegea moat der begjin oktober takom jier lizze.

Trefwurden: 
Sintrale As
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)