Fochtproblemen yn huzen fan Elkien yn Opsterlân

21 sep 2015 - 18:09

In grut tal wenten fan wenningboukorporaasje Elkien yn Opsterlân hawwe lêst fan skimmel en focht. De problemen spylje al in pear jier. De SP yn de gemeente is dêrom yn petear gien mei Elkien om te sjen oft ek wat oan de problemen dien wurde kin. Der is in swartboek oerlange oan de wenningboukorporaasje.

Elkien hat neffens de SP tasein om in ûnôfhinklik buro yn te skeakeljen om ûndersyk te dwaan nei de skimmels. De útkomsten fan it ûndersyk sille brûkt wurde om in oplossing te finen foar it probleem.

Trefwurden: 
skimmel Elkien SP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)