Hegere leechstân yn it Noarden

De leechstân fan winkelgebouwen yn Noard-Nederlân is heger yn fergelyk mei de rest fan it lân. Dat docht bliken út ûndersyk dat dien is yn opdracht fan de Noardlike Keamer fan Keaphannel. De befolkingskrimp is in oarsaak, mar ek it feit dat winkelgebouwen yn Fryslân, Grinslân en Drinte relatyf grut binne.
Belizzingsmaatskippijen hawwe dêrtroch ek folle minder ynteresse om te ynvestearjen yn nije winkelromte. It advys oan ûndernimmers en oerheden is om goed te sjen nei it winkelstrjittebelied en mooglikheden foar ferkeap op ynternet.