Plasterk belooft betterskip oer Taalwet Frysk

21 sep 2015 - 16:52

Minister Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken erkent dat de Fryske taalwet noch net goed wurket. Ferline jier sette de minister syn hantekening ûnder de wet. It advysorgaan Dingtiid bea moandei yn Den Haach in kritysk rapport oan him oan oer de útfiering.

De Taalwet is oant no ta in 'papieren tiger', fynt Dingtiid. De minister is it dêrmei iens. Hy fynt dat der by it meitsjen fan nije wetjouwing earder ek nei it Frysk sjoen wurde moat. Mar dêr leit ek in taak foar de Friezen sels. Neffens Plasterk moatte Friezen op 'e tiid oan de bel lûke.

Dingtiid-foarsitter Klaas Sietse Spoelstra hat der fertrouwen yn dat dat fan no ôf better gean sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)