Hartelust nomineard foar priis

It monumintale pakhûs Hartelust oan de Romkeslaan yn Ljouwert is nominearre foar de Gulden Feniks 2012. Dat is in prestisjeuze priis foar de bêste renovaasjeprojekten yn Nederlân. De sjuery koe kieze út 80 ynstjoerings. Ek in studintegebou yn Eindhoven en in hotel yn Amsterdam binne selektearre.
It pakhûs yn Ljouwert is hielendal restaurearre en omfoarme ta in wengebou mei 28 apparteminten en 5 plakken foar bedriuwen. De winner fan de priis wurdt op 6 juny bekend makke yn Amsterdam.
De restauraasje is dien troch Jelle de Jong Architecten en Boubedriuw Lont.