Mooglik navidukt yn Ofslútdyk

Ofslútdyk © Omrop Fryslân
Der komt mooglik dochs in tunnel (navidukt) ûnder de sluzen yn de Ofslútdyk troch. Steatsiktaris Atsma hat oan de Twadde Keamer tasein dat hy nochris mei de provinsje prate sil oer de mooglikheden. VVD-keamerlid Anne-Wil Lucas hie der fragen oer steld. No is it plan noch om it sluzekompleks earst op te knappen en pas yn 2050 te ferfangen.
Anne-Wil Lucas fynt dat skande, omdat dat gjin oplossing is foar it autoferkear. Boppedat soe der eins in bredere slús komme moatte, sadat der grutte skippen komme kinne yn Makkum, Kampen en Meppel.