Nij bad Burdaard sûnder wetter

It swimbad yn it MFC fan Burdaard is woansdei iepene sûnder dat der wetter yn it bad siet. Troch in konstruksjeflater mei de liedings koe woansdei pas begûn wurde mei it foljen. Bysûnder is dat it bad op de earste ferdjipping fan it MFC boud is. It bad is eigendom fan it MFC sels en it bedriuw Spetter Zwemopliedingen sil it ekploitearje.
Neist swim- en dûklessen kinne der ek feestjes organisearre wurde. Nije wike tongersdei kin it swimbad foar de earste kear brûkt wurde.