Jonges om driichtweet skorst

04 apr 2012 - 16:09

De trije jonges dy't ferantwurdlik binne foar de driichtweet fan ôfrûne moandei op it Bogerman Kolleezje yn Snits binne skorst. De lieding hat se foar trije dagen fan skoalle stjoerd. Om't de skorsing ôfrûne moandei al yngie, kinne se tongersdei wer begjinne. Troch it driigjen mei geweld en it yn 'e brân stekken fan 'e skoalle rukten de helptsjinsten massaal út nei de skoalle. De plysje kin noch net sizze oft se de kosten fan de hiele operaasje ferhelje op de dieders. De jonges (15 en 16) komme út Toppenhuzen, Starum en Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)