Rappe riders misse rydbewiis
De plysje yn Fryslân hat tiisdeitejûn op twa plakken yn de provinsje it rydbewiis fan twa automobilsten ynnommen yn ferbân mei te hurd ride. Op de Ofslútdyk by Breesândyk ried in ynwenner (52) fan Westhoek 209 kilometer, dêr't 130 kilometer tastien is. Op de N32 by de Werpsterhoeke by Goutum helle Jouster (47) in snelheid fan 127 kilometer, wylst dêr 70 kilometer tastien is.