Rydbewiis kwyt om stadich ride

04 apr 2012 - 10:36
Foto: Omrop Fryslân

In automobilist (37) út Warkum is tiisdeitenacht oanhâlden om't er gefaarlik ried. De man ried hiel stadich en it achterljocht fan de auto die it net. De plysje joech de man by Boalsert in stopteken, mar de bestjoerder die dat net. Lang om let koe de plysje de man oanhâlde by syn hûs.

Hy hat in proses-ferbaal krigen en syn rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
plysje
(advertinsje)
(advertinsje)