Man fernielt plysjewein

04 apr 2012 - 10:34

In Ljouwerter (26) hat tiisdeitejûn it ynterieur fan in plysjewein fernield. De plysje trof de man oan op de Noarderbrêge nei't er earder dy jûn besocht hie yn te brekken yn in hûs oan de Spanjaardsleane. De bewenner trappearre de dief by de ynbraak en waard doe bedrige en slein troch de dief. By de oanhâlding fersette de man him heftich en ûnderweis nei it plysjeburo fernielde er de binnenkant fan de plysjewein.

De Ljouwerter wie yn de war. De GGZ sil him ûndersykje.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)