Fiskkotter lek slein by Skier

04 apr 2012 - 07:59

In fiskkotter is woansdeitemoarn betiid westlik fan Skiermûntseach lek slein. It skip wie oan de grûn rûn. Dêrop waarden de rêdingsboaten fan Skiermûntseach en Lauwerseach ynskeakele. Dy ha mei help fan pompen it wetter út it skip helle. De fiskkotter is yntusken feilich yn de haven fan Lauwerseach oankommen. Dêr stie de brânwacht fan Zoutkamp ek noch klear mei in wetterpomp, mar dat wie net nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)