Stjoerleas skip yn haven Harns

It skip Ara Felixstowe dat tiisdeitemoarn boppe Skylge yn problemen kaam troch brân yn de masinekeamer, is tiisdeitejûn oankaam yn de haven fan Harns. It is dêr hinne brocht troch de sleper Hunter fan Skylge. Troch de brân yn de masjinekeamer rekke it skip stjoerleas. Op de werf fan Shipdock sil it de kommende tiid repareard wurde. Der wurdt ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân. De Ara Felixstowe fart ûnder de flage fan Gibraltar en hat rollen stiel oan board.