Soad Peaskedrokte ferwachte

(argyffoto)
De ûndernimmers yn de rekreaasjesektor ferwachtsje kommend wykein in soad drokte. De measte akkomodaasjes sitte fol en de sektor is tefreden oer de besetting. Peaske falt dit jier betiid en der wurde gjin hege temperatueren ferwachte, mar likegoed binne der likefolle boekings as ferline jier. Peaske is tradisjoneel it begjin fan it toeristysk seizoen. In kwart fan de toeristen dy't nei Fryslân komt, komt út it bûtenlân, benammen út Dútslân.
Fryslân Marketing makket him mear soargen oer it tal boekings foar de simmerfakânsje. Dat komt noch net echt op gong en kin neffens direkteur Paul van Gessel fan Fryslân Marketing wol ris duorje oant nei it EK-fuotbal fan juny.