Buskaartsjes te djoer

03 apr 2012 - 15:54

Reizgers yn Fryslân fine de kaartsjes te djoer. Allinne op de Waadeilannen binne reizgers wol tefreden oer de kosten fan buskaartsjes. Ek binne reizgers gemiddeld yn Fryslân net te sprekken oer de ynformaasje by fertragings. Dat docht bliken út de jierlikse OV-Barometer.

It busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân fan Connexxion krijt in 7,2. Qbuzz skoart yn Súdeast Fryslân in 7,4. De Waadeilannen springe der ek yn de beoardieling út: gemiddeld jouwe busreizgers dêr in 8,2 oan Arriva.

Trefwurden: 
buskaartsjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)