Mei 196 km de oere oer it klaverblêd fan It Hearrenfean

21 sep 2015 - 10:02

De plysje hat de ôfrûne dagen alve rydbewizen yn beslach naam fan automobilisten dy't te hurd rieden op it klaverblêd by It Hearrenfean. Op it klaverblêd is 100 kilometer de oere de maksimumsnelheid, mar de bestjoerders dy't oanhâlden binne hiene snelheden fan 155 oant 196 kilometer op de teller.

Ien fan de oanhâlden bestjoerders ried sa gefaarlik dat er him melde moat by it CBR om in kursus te folgjen oer hoe't je je yn it ferkear gedrage moatte.

Trefwurden: 
rydbewiis te hurd plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)