Kuorbal: LDODK en De Hoeve ferlieze, SCO wint

20 sep 2015 - 17:40

De kuorballers fan LDODK fan De Gordyk koene it ek yn de tredde wedstriid net oprêde yn de eareklasse. Se ferlearen de útwedstriid mei 24-21 tsjin Fortuna. Yn de rêst wie it noch 15-10.

Yn de haadklasse wûn SCO mei 23-18 fan Nic. Dit wie de earste oerwinning fan SCO dit seizoen. De Hoeve ferlear foar de tredde kear op rige. HKV/Ons Eibernest gong mei in 25-18 oerwinning nei De Haach.

Trefwurden: 
LDODK SCO kuorbal De Hoeve
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)