Fryske Marreprojekt ôfsluten, provinsje giet fierder

20 sep 2015 - 16:20

It Fryske Marreprojekt hat Fryslân folle oantrekliker makke foar wettersporters, mar it kin noch better. Deputearre Klaas Kielstra seit dat de provinsje Fryslân wettersporters ek ferliede moat om bygelyks nei de Waadeilannen, it Lauwersmargebiet of Fryske Wâlden te gean.

Dêrnjonken wol de provinsje jild útlûke foar natoergebieten om de Fryske marren hinne. Sa soene rêstsônes by de marren goed wêze foar wetterfûgels. It ôfrûne wykein sette de provinsje offisjeel in punt efter it Fryske Marreprojekt.

Yn fyftjin jier is der goed 450 miljoen euro oan jild yn stutsen. Dêrfoar binne akwadukten oanlein, mar ek pleatslik inisjativen útfierd. Sa waard byygelyks yn Dolsterhuzen snein in nij toiletgebou iepene oan de Pier Christiaanssleat. Dolsterhuzen is it earste Fryske doarp dat wettersporters oandogge as se út Oerisel oanfarren komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)