Hûnderten 'moaiste Fryske wurden'

19 sep 2015 - 17:19

De oprop foar 'it moaiste Fryske wurd' smiet sneon hûnderten ynstjoerings op. Dy kamen oer de sms, mail, whatsapp en telefoan. De wurden koene ek opjûn wurde by it diske fan de Freonen fan Omrop Fryslân dat by Omrop Fryslân yn 'e tún stie. Dêr wie sneon de Dei fan it Fryske wurd. Dy luts tusken de fiifhûndert en tûzen besikers.

Wurden dy't ferskate kearen neamd waarden binne: fereale, ferdivedaasje, skûtelwaskje, tûkelteammen, bargebiten, earrebarre en smûk. Opmerklik wie omtoffelaaien foar scharreleieren.

De Dei fan it Fryske wurd smiet de Freonen fan Omrop Fryslân in lyts njoggentich nije leden op. Sy hawwe no sawat 3350 leden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)