Drachtster Boys ferliest mei 2-0 fan ACV yn Assen

19 sep 2015 - 16:35

Drachtster Boys slagge der sneon net yn de earste oerwinning fan it seizoen te pakken. Yn Assen ferlear de ploech fan trainer Marcel van Buuren mei 2-0 fan ACV.

De Drachtsters kamen nei in goed healoere spyljen op achterstân. Willem de Jong wie ticht by de lykmakker, mar de ACV-keeper brocht rêding. Yn de twadde helte smieten de Assenaren de wedstriid mei noch in kertier te gean yn it slot mei de twadde treffer.

Trefwurden: 
Drachtster Boys fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)