Skoaier dy't net om lyk wol oanhâlden op de Weaze

19 sep 2015 - 16:08
Foto: ANP

In 42-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan freed op sneon op de Weaze oanhâlden nei't er oant twa kear ta oan it skoaien west hie en oerlêst feroarsake hie. De man wie dêrfoar al mear as ien kear warskôge en hy hie in gebietsferbod.

Nettsjinsteande dat ferbod waard er letter wer trappearre. Doe is er meinaam nei it plysjeburo.

(advertinsje)
(advertinsje)