Friezinnen jeie mei Nederlânske fuotbalfroulju op EK-ticket

19 sep 2015 - 15:27

Sisca Folkertsma út Sleat en Lisanne van der Wal fan De Jouwer wolle groepswinner fan de earste kwalifikaasjeronde wurde mei de Nederlânske fuotbalfroulju ûnder de 19 jier. Snein spylje se de lêste wedstriid fan de earste kwalifikaasjeronde foar it Europeesk kampioenskip.

Folkertsma en Van der Wal soargje foar de Fryske ynbring by Oranje ûnder de 19. As Nederlân lykspilet of wint fan Italië, dan is it groepswinner. Dan hawwe se in maklikere lotting foar de lêste kwalifikaasjeronde. De kâns dat Folkertsma tsjin Italië meidocht, is net grut.

Yn de wedstriid tsjin Moldavië rekke Folkertsma tongersdei blessearre oan it ankel. Dat hâldt har mooglik in skoft oan 'e kant. Van der Wal hopet opnij in basisplak te krijen, lykas tsjin Moldavië.

De lêste kwalifikaasjeronde, dy't útmakket wa't tickets foar it Europeesk kampioenskip kriget, wurdt yn it foarjier fan 2016 spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)