Meardere ferwûnen by auto-ûngelok by Hallum

19 sep 2015 - 14:48

Op de Ljouwerterdyk by Hallum binne sneontemiddei meardere minsken ferwûne rekke by in frontale botsing. Twa auto's wiene mei-inoar yn botsing rekke.

De helptsjinsten binne manmachtich útrukt. Der is ek in traumahelikopter by. De dyk is ôfsletten. It ferkear wurdt omlaat oer it fytspaad.

Trefwurden: 
Hallum ûngelok Ljouwerterdyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)