Rykswettersteat kontrolearret struiweinen foar takom winter

19 sep 2015 - 12:10

Rykswettersteat kontrolearret sneon alle struiweinen dy't fan 't winter ynset wurde. Fan goed de 35 weinen wurde de pikelstruiers en de snieskowers neisjoen. Dêrnei moatte de weinen in rûte ride om te sjen oft alles goed wurket. De ynspeksje is op it sammelpunt fan de struiweinen op De Jouwer. It duorret de hiele dei.

Yn de winter fan ferline jier hat Rykswettersteat 3500 ton pikel struid yn Fryslân. Rykswettersteat en it KNMI ferwachtsje dat takom winter minder nedich is, om't it in mylde winter wurde sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)