Ljouwert ûnteigenet grûn fan farvefabryk foar nije wei

19 sep 2015 - 11:09

De gemeente Ljouwert mei de grûn fan farvefabryk Zandleven ûnteigenje om dêr in part fan de nije westlike ynfalsdyk oanlizze te kinnen. Op dat plak moat de rûnwei oanslute op de stedsring. It fabryk woe op datselde plak útwreidzje.

De gemeente seit dat se yn oerlis mei Zandleven is om it bedriuw te stypjen yn it finen fan in nij plak. Zandleven wol net reagearje op de ûnteigening.

De ûnteigening fynt plak fia in spesjale saneamde Keninklik Beslút-proseduere. De Kroan moat dan goedkarring jaan oan in riedsbeslút. Soks komt net sa faak foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)