IIshockyers UNIS Flyers maat te lyts foar Tilburg Trappers

19 sep 2015 - 00:17

De UNIS Flyers hawwe de earste wedstriid fan it nije seizoen mei grut ferskil ferlern fan de Tilburg Trappers. Yn de 11-stêdehal yn Ljouwert waard it fia de perioadestannen 0-3, 0-2 en 1-7 úteinlik 1-12 foar de Tilburgers. Ynset is de Ron Bertelingsskaal, it duel tusken de lânskampioen en de bekerwinner fan it ôfrûne seizoen. De Tilburgers hawwe in soad ynvesteard yn har seleksje, om't se dit seizoen yn de Dútske kompetysje útkomme. De Flyers set mear yn op eigen jeugd en minder bûtenlanners. Snein spylje de Flyers yn Tilburg it twadde duel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)