Blamaazje foar SC Hearrenfean yn Nijmegen

18 sep 2015 - 22:44

Sportklup Hearrenfean is yn Nijmegen tsjin in 2-0 nederlaach oprûn. Hearrenfean wie absolút de mindere fan NEC en dêrom wie de oerwinning fan NEC mear as fertsjinne.

Hearrenfean begûn, sûnder echt grutte kânsen te krijen, noch wol aardich. Christian Santos skoarde nei 18 minuten de 1-0 en in kertier foar tiid ek de 2-0. Hearrenfean hie tuskentroch noch in penalty hawwe moatten, mar krige dy net. Hearrenfean hat no seis punten út seis wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)