Gerben Hoogterp leit foarsitterskip PAL/Grienlinks del

18 sep 2015 - 19:41

Gerben Hoogterp (56) hâldt op as foarsitter fan de riedsfraksje fan PAL/Grienlinks yn Ljouwert. Hy is sûnt 2004 riedslid foar dy partij en waard yn 2012 keazen ta fraksjefoarsitter.

Hoogterp leit syn funksje del om't er parttime predikant yn de protestantske gemeente Muiden wurdt. Hy sil syn wurk as dûmny kombinearje mei syn baan as geastlik fersoarger yn sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean.

Wa't Hoogterp opfolget, is noch net bekend. Ald-riedslid Elizabeth Hietkamp wurdt neamd as mooglike kandidaat. Sy stiet op it earste plak op de ynterne opfolgingslist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)