Twifels by Dantumadiel '82 oer besteging fan ryksjild

18 sep 2015 - 17:00

De riedsfraksje fan Dantumadiel '82 is fernuvere oer wêr't buorgemeente Dongeradiel ryksjild oan besteegje wol. It giet om in bydrage fan 350.000 euro, dy't bedoeld is foar it tsjingean fan de krimp yn Noardeast-Fryslân. Neffens Dantumadiel '82 wol Dongeradiel it jild foar in part brûke foar in amtner dy't útsykje moat hoe't it krimpgebiet leefber bliuwe kin.

Fraksjefoarsitter Postma sjocht leaver dat it jild giet nei lokale inisjativen om ditselde doel te berikken.

Nije wike tiisdei wol Dantumadiel '82 yn de gemeenteried mei de oare fraksjes yn petear oer de besteging fan it beskikbere jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)