Cambuur en Hearrenfean finansjeel sûne klups

18 sep 2015 - 12:16

De Fryske fuotbalklups steane der finansjeel goed foar. Cambuur en Hearrenfean binne beide yndield yn de kategory fan sûne klups. Sân betelle fuotbalklups steane der finansjeel tige min foar. Under oare FC Twente, PEC Zwolle, NEC en Roda JC hawwe de finansjele boekhâlding net op oarder.

As de klups dit net oanpakke, kinne maatregels folgje, lykas it ôfpakken fan de lisinsje of punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)