Freed mooglik dúdlikheid oer flechtlinge-opfang Fryslân

18 sep 2015 - 11:49

Boargemaster Crone fan Ljouwert wachtet op berjocht út De Haach oer it tal flechtlingen dat pleatst wurde sil yn de provinsje. De Fryske gemeenten ha ôfpraat dat se ekstra flechtlingen opnimme as dat moat.

Crone hat ynventarisearre hoefolle flechtlingen de ferskate gemeenten opfange wolle en yn hokker gebouwen, mar wol dermei pas nei bûten komme as der in konkrete fraach fan de minister leit. En dy wurdt freed ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)