Maskere manlju yn de boskjes by basisskoalle Drachten

18 sep 2015 - 10:52

Brede skoalle De Drait yn Drachten hat tongersdei in skoft ôfsletten west fanwegen in driigjende situaasje. Bern fan groep fiif seagen rûn ien oere middeis twa maskere manlju yn de boskjes by de skoalle. Neffens de bern soene de fertochten in mes en in fjoerwapen by harren hân hawwe.

De plysje sette fuort grut yn op de melding. De omjouwing waard útkamd en de bern binne heard. Ek is Burgernet ynskeakele. De âlden fan de bern binne fia in brief op 'e hichte brocht fan de situaasje.

Harren is frege om freed de bern fanwegen it feiligensgefoel nei skoalle te bringen. De fertochten binne noch net oantroffen, de plysje is op syk nei tsjûgen. Lês hjir de brieven dy't âlden krige ha: brief 1 en brief 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)