Direkteur Van Dijk fan KH2018 mei sykteferlof

18 sep 2015 - 10:23

Ton F. van Dijk, direkteur fan KH2018, is mei sykteferlof. Hy hat al in skoft de sykte fan Bechterew, mar de pine yn de gewrichten is sa slim, dat hy syn wurk tydlik dellizze moat.

Hoe't it no fierder komt, kin wurdfierder Jacco de Boer net sizze. Der is lykwols neffens him gjin sprake fan ûntslach. De organisaasje KH2018 sil him beriede op de situaasje en wat te dwaan. Van Dijk is ferline jier beneamd ta algemien direkteur fan KH2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)